Ploeg: 'Undernimmers yn polityk'

© Omrop Fryslân
Fryske ûndernimmers moatte de polityk yn. Dat fynt CDA-deputearre Jan Ploeg. Dy is sels ek ûndernimmer.
Oan it begjin fan de jierren 90 waard ek al ris besocht ûndernimmers waarm te meitsjen foar de polityk, mar dat is doe net slagge. Neffens Ploeg is de polityk der lykwols no wer klear foar. Undernimmers soene net langer allinne lobbywurk dwaan moatte, mar ek sels steatelid of riedslid wurde moatte.