Dvd iepenloftspul Wadwiif klear

15 nov 2005 - 10:49

De dvd fan it iepenloftspektakel De wraak fan it Wadwiif wurdt freed oanbean oan boargemaster Van der Werf fan de gemeente it Bilt. De opnames binne makke by it iepenloftspul op it Biltse plattelân.

It stik ta gelegenheid fan 500 jier it Bilt waard ôfrûne simmer opfierd yn de greide tusken Froubuorren en Aldebiltsyl. De sân foarstellingen wiene yn koarte tiid útferkocht. Mear as 4000 minsken seagen it iepenloftspul.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)