Sven Kramer fiifde by wrâldbeker

15 nov 2005 - 10:28

Reedrider Sven Kramer fan Aldskoat is fiifde wurden by de earste wrâldbekerwedstriden op de 5 kilometer yn Calgary. Kramer ride de ôfstân yn in nij persoanlik rekord fan 6:15.13. De goede prestaasje kaam as in ferrassing om't Sven Kramer lêst hat fan in foarholte ûntstekking.

Rintje Ritsma fan de Lemmer die ek mei. Hy waard 12-de yn in tiid fan 6:24.47. De Amerikaan Chad Hedrick wûn yn Calgary mei in wrâldrekord: 6:09,68.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)