Plannen foar nij doarp op Flylân

15 nov 2005 - 07:48
Foto: Omrop Fryslân

Op Flylân binne plannen foar de bou fan in nij doarp. It moat komme by it militaire oefenterrein op de Flyhors. It doarp soe bestean moatte út sa'n 25 wenten. By in diel fan dy wenten moat ek romte wêze foar bedriuwen, dy't produkten ferwurkje út it Waadgebiet.

Mei de plannen moat der genôch romte komme foar eilanners dy't op Flylân wenjen bliuwe wolle, boppedat moat de wurkgelegenheid tanimme.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)