Starter kin hûs en loads hiere

© Omrop Fryslân
Op bedriuwenterrein Jumaheerd yn Kollum wurde seis bedriuwsloadsen mei wenning boud, dy't hierd wurde kinne troch startende ûndernimmers. Soks is unyk yn Nederlân, sizze de betinkers fan dit konsept. Dat binne de gemeente Kollumerlân, wenningstifting Kollumerlân en in planûntwikkelder.
It is no faak dreech foar startende ûndernimmers om kapitaal te finen foar de oankeap fan in bedriuwsgebou. De hierpriis sil om de 1500 euro lizze.