Studinten fan Skier setten

© Omrop Fryslân
In groep fan 16 studinten út Grins is sneontemoarn troch boargemaster Swart fan Skiermuontseach ôf set. De sechtjin hienen yn de nacht fan freed op sneon foar in soad oerlêst soarge. Bierfleskes waarden stikken slein, fytserekken midden op strjitte set, in kontainer omskuord en kabaal makke.
De studinten binne mei in boat fan de marsjesee nei de fêste wâl brocht. Se wienen sûnt freedtemiddei op it eilân.