Plysjeman yninoar slein

14 nov 2005 - 14:17

In Ljouwerter plysjeman is sneon slim mishannele by de Mercuriusfontein. De plysje seach dêr in 21-jierrige man dy't syn freondinne oan it slaan wie. Doe't hy de man dêrop oanspruts waard hy lange tiid slein en skopt en mei in fytspomp bewurke. De dieder waard letter troch oare plysjes en omstanners oanhâlden. De plysjeman moat in pear tosken misse en rekke ferwûne oan syn holle. De dieder wurdt poging ta deaslach te lêste lein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)