VVD wol 'flitsfergunning'

© Omrop Fryslân
De VVD-fraksje yn Ljouwert wol dat B&W besjocht oft flitsfergunnings foar lytse bouprojekten mooglik binne. It giet hjir om it ferienfâldigjen fan fergunningsprosedueres. Sa kin de gemeentlike tsjinstferliening ferbettere wurde. Neffens de Ljouwerter liberalen komt der yn dat gefal ek in stik minder papierwurk oan te pas.
De flitsfergunnings wurde al mei sukses tapast yn de gemeente Utert.