Snitser foljebalfroulju ferlieze

© Omrop Fryslân
De foljebalfroulju fan Snits ferlearen sneon mei 0-3 fan Weert. De earste set wie krusiaal foar de wedstriid. Dizze waard ferlern mei 33-35. De oare setstannen wienen 23-25 en 21-25.
Troch dit resultaat stiet Snits no op in achtste plak yn de kompetysje. Takom wike spylje de Snitser froulju yn de Martinihal yn Vught tsjin it team Rexroth Vught.