Ungelok by Appelskea

14 nov 2005 - 11:14
Foto: Omrop Fryslân

Op de Feart tusken Smilde en Appelskea hat sneontejûn in iensidich ûngelok west. In 37-jierrige autobestjoerder woe in oare auto ynhelje. Dêrby seach de man nei alle gedachten in parkearde auto oer de holle.

Hy ried mei folle faasje op dy auto. Nei de klap ried de auto noch 100 meter troch. Hy kaam ta stilstân yn in tún. Beide auto's rekken folslein fernield. De man is nei it sikehûs oerbrocht.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)