CU/SGP: 'Sintrale as 80 km-dyk'
De nije dyk tusken Dokkum en de Wâldwei, de sintrale as, moat in 80 kilometerdyk wurde. Dat fynt de steatefraksje fan de Kristenuny/SGP. By in 80 kilometerdyk kin der keazen wurde foar in oar trasee.
De druk op de natuer en kultuerhistoaryske wearden kin dan ferlege wurde, sa tinkt de Kristenuny/SGP. De partij hat skriftlike fragen steld oan it kolleezje fan Deputearre Steaten.
Trefwurden:
argyf