Medisinale coffeeshop Drachten?

13 nov 2005 - 15:16

De riedskommisje mienskip en soarch fan Smellingerlân bûget him moandei oer in wike oer de fraach oft der in medisinale coffeeshop komme kin yn Drachten. De gemeente hat in brief dêroer krigen fan in pasjinteferiening yn Grins.

It giet benammen om kannabis. Neffens de feriening kinne de klachten fan guon pasjinten dêrmei fermindere wurde. Se kinne no wol nei de apoteek, mar moatte dan mear betelje as yn in coffeeshop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)