Kollumerlân sponsor radiostasjon

13 nov 2005 - 14:34

De gemeente Kollumerlân wol de kommende jierren stjoertiid keapje op Radio Noardeast-Fryslân. Wethâlder Koster sei dat sneon op de iepen dei fan de stjoerder, sa makket de radiostjoerder sels bekend.

Earder dit jier draaide Kollumerlân noch de kraan ticht by it radiostasjon. Wethâlder Koster wol no inkelde oeren sponsorje. De gemeenten Dantumadiel en Dongeradiel jouwe ek jild oan de stjoerder en dat bliuwt foarearst sa.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)