Utstalling oer Jehova Tsjûgen
It Fersetsmuseum yn Ljouwert komt 2 desimber mei in útstalling oer de Jehova Tsjûgen. De groepearing is yn de Twadde Wrâldoarloch ferfolge. De Jehova's wegeren yn dy tiid de Hitlergroet út te bringen.
Se ferwachten gjin heil fan Hitler, mar heil fan God. Ek woene se net wurkje yn de oarlochsyndustry, net yn tsjinst en gjin lid wurde fan de NSDAP. Dêrop waarden al har aktiviteiten ferbean, mar se gongen ûndergrûns fierder.
Trefwurden:
argyf