Djoerdere grêven Smellingerlân?

© Omrop Fryslân
In grêf yn de gemeente Smellingerlân moat takom jier flink djoerder wurde. Dat fynt it kolleezje fan B&W. Meikoarten wurdt it nije begraafplak Wâldhof yn gebrûk nommen. As de grêven no net djoerder wurde, driget in struktureel tekoart fan 140.000 euro.
B&W fine it net goed om dat út de algemiene middels oan te suverjen. De belangstelling foar in grêf fan minsken fan bûten de gemeente soe dêrmei te oanloklik wurde.