Trekker útbaarnd yn Broek

© Omrop Fryslân
By in pleats oan de Plusterdyk yn Broek by De Jouwer hat sneintemoarn brân west. De boer wie syn 150 kij oan it fuorjen. Doe seach er dat der reek út de trekker kaam. It slagge him noch om de trekker út de stâl te riden.
Bûten is de trekker hielendal útbaarnd. De brânwacht fan De Jouwer hat it fjoer útmakke. De pleats yn Broek hat fierder gjin skea oprûn.