Undersyk smoargens Boarnsterhim

© Omrop Fryslân
De gemeente Boarnsterhim docht meikoarten ûndersyk nei omslingerjend smoargens yn de gemeente. Der wurdt ûnder oare in enkête hâlden ûnder in tal belanghawwenden.
Boargers meie ek oanjaan oft se papier of plastik yn bjirms of boskjes in probleem fine by har yn de buert. Yn it ûndersyk wurdt ek besjoen oft der in soad smoargens bûten de ôffalbakken bedarret.