Auto draait healslach yn rûnte

© Omrop Fryslân
By Elsloo is freedtemiddei in 20-jierrige automobilist út Easterwâlde ferwûne rekke by in ûngelok. Op de Bûtenwei rekke er yn in bocht nei links de macht oer it stjoer kwyt en fleach de berm yn. Hy draaide dêrnei in heal slach yn de rûnte en botste doe oan de linkerkant fan de wei op in beam.
It portier oan de bestjoerderskant siet hielendal yndûkt. De bestjoerder is mei pine yn de rêch nei it sikehûs yn Drachten brocht.