Frou omkommen by ûngelok

13 nov 2005 - 11:58

In frou (30) út Frjentsjer is freed omkommen by in ferkearsûngelok. Op in lyts dykje tusken Menaam en Bitgum waard se moarns betiid op de fyts oanriden troch in auto bestjoerd troch in 35-jierrige man út Aldebiltsyl.

De frou foel nei alle gedachten op de holle. Se is mei de traumahelikopter nei sikehûs MCL yn Ljouwert brocht. Dêr is se letter ferstoarn oan har ferwûnings. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)