Ekspedysjekofferke yn de trein

© Omrop Fryslân
Reizgers krije sneon yn de trein út de rjochting Grins in kadootsje. De attinsje fan Ekspedysje Ljouwert bestie út in kofferke mei in beskriuwing fan de kultuerele aktiviteiten en in Aldehou fan sûkelarje. Noordned docht ek mei oan de aksje.
Reizgers út de rjochting Grins kinne ek koarting krije op it Noardlik Filmfestival yn Ljouwert. Ekspedysje Ljouwert wol it imago fan de Fryske haadstêd ferbetterje.