Yn de achterút op fyts botst

12 nov 2005 - 15:46
Foto: Omrop Fryslân

In automobilist (19) hat freed yn Ljouwert yn 'e achterút in fytsend famke fan 16 jier oanriden. Dat wie op de krusing Nijstêd-Piperstrjitte. Flak foar it ûngelok hie de man hast in pear oerstekkende fuotgongers fan de sokken riden.

Ien fan de oerstekkers tikke op de auto en doe sette de bestjoerder de wein yn 'e achterút en ried in meter tebek. It fytsend famke kaam dêrby te fallen. De plysje hat de man oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)