Jubileum bertebeammen

© Omrop Fryslân
Yn de gemeente Gaasterlân-Sleat waarden sneon foar de 25e kear bertebeammen útrikt. Jonge âlden meie op harren eigen hiem in beamke plantsje foar harren lytse poppe. Yn de 25 jier binne sawat trijetûzen beammen plante.
Gaasterlân-Sleat wol op dy wize it beamrike lânskip yn eare herstelle. Boargemaster De Roos gong del by twa adressen dêr't 25 jier ferlyn de earste bertebeammen plante binne. In jonge trijeling krige ek bertebeammen útrikt.