'Sabotaazje by diere-ambulânse'

12 nov 2005 - 15:28
Foto: Omrop Fryslân

De Stifting Diere-ambulânse Noard-Fryslân hat de ôfrûne twa wiken goed 25 tillefoantsjes misrûn. Foarsitter Zuidema beskuldiget âld-foarsitter Koster fan sabotaazje. Hy soe by syn ôfskie de prepaidkaart fan it mobyltsje stikkenmakke hawwe.

De saak is ûnderwilens wer rjochtset en de diere-ambulânse is wer telefoanysk berikber. De stifting hat ek in nij bestjoer krige.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)