Oerstekplakken foar jonge fûgels

12 nov 2005 - 13:00

Rykswettersteat leit op de seediken fan Skiermûntseach spesjale oerstekplakken foar jonge fûgels oan. Koartlyn binne ûnderoan de dyk, oan de kant fan it wetter, nije basaltblokken dellein. Om't dy wol in heale meter heech binne, foarmje se aanst yn de maaityd in hindernis foar jonge fûgels.

Troch op in tal plakken spesjale oerstekplakken te meitsjen, tinkt Rykswettersteat it probleem te ferhelpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)