Miljoene-ynvestearring yn NDC

12 nov 2005 - 13:00

De Friesland Bank ynvestearret 35 miljoen euro yn de Noordelijke Dagblad Combinatie, NDC. NDC is útjouwer fan ûnder oare de Ljouwerter Krante. Dat hat de Friesland Bank freed bekendmakke.

De bank wurdt in wichtige oandielhâlder yn NDC. De Friesland Bank fûn it in goede kar om jild te ynvestearjen om't it krantekonsern fusearret mei boeke-útjouwer Veen Bosch & Keuning.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)