Brief gemeente oan Holwerters

© Omrop Fryslân
De gemeente Dongeradiel stjoert ynwenners fan Holwert takom wike in brief mei tekst en útlis oer de nijbou fan de supermerk yn it doarp. Dêrmei moat de ûnrêst yn it doarp delbêde wurde.
De rjochter hat de bou fan de winkel stillein, om't guon omwenners beswier oantekene hiene. In soad oare doarpslju wolle dat de winkel der wol komt. Se binne mei in hantekenaksje en in posteraksje begûn.