Jan Ploeg hâldt op as deputearre

© Omrop Fryslân
CDA-deputearre Jan Ploeg komt nei de provinsjale ferkiezings fan 2007 net werom foar noch in perioade. Ploeg hat al trije perioades CDA-listlûker west en neffens de ôfspraken yn it CDA is dat it maksimum.
Ploeg seit dat er in soad leard hat yn de polityk mar leaver yn it bedriuwslibben wurket. Benammen de lange tiid dy't it kostet om plannen fan de grûn te krijen yn de polityk stean Ploeg tsjin.