Psychiatryske help by húsdokter

12 nov 2005 - 09:06

Sosjaal-psychiatryske ferpleechkundigen en psychiaters biede hieltyd faker help yn húsdokterspraktiken. De gearwurking tusken de GGZ en húsdokters is in grut súkses. By sawat fyftich húsdokters binne al helpferlieners fan de GGZ oan it wurk.

It idee dêrby is dat minsken tichterby hûs behannele wurde kinne. Se hoege net fuortdaliks nei in ynstelling trochferwiisd te wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)