Ekonomy Dongeradiel ûndersocht

© Omrop Fryslân
In taskforce moat de swakke en sterke punten fan de ekonomy yn Dongeradiel helder krije. De analyse moat sjen litte wêr't de gemeente en de bedriuwen de kommende jierren op ynsette moat. Sa is tongersdeitejûn besletten yn de gemeenteried.
It CDA kaam mei it foarstel, om't de partij him soargen makket oer it baneferlies, benammen yn agrarysk en produksjewurk. Dat binne krekt de grutte sektoaren yn Dongeradiel.