Cambuur ferliest fan Veendam

© Omrop Fryslân
Cambuur gong freed op besite by Veendam. De Ljouwerters ferlearen kânsleas op de Langeleegte. It waard 4-1. Bovar Karim makke yn de earste helte noch wol de lykmakker: 1-1.
Yn de twadde helte waard Cambuur fan it fjild spile troch Veendam. Troch it ferlies stiet Cambuur no op in achttjinde plak yn de Gouden Gids-divyzje. Cambuur spilet takom wike freed thús tsjin Eindhoven.