Zwaga wer op Ljouwerter skûtsje

11 nov 2005 - 15:22

Ulbe Zwaga is benadere om wer werom te kommen as skipper fan it Ljouwerter skûtsje. Zwaga wie straft troch de Sintrale Kommisje Skûtsjesilen om't der koalstof oantroffen wie yn de mêst fan syn skûtsje.

Ulbe Zwaga waard foar 5 jier skorst, wêrfan 2 mei betingst. Dit jier kin der no dus wer skipperje. Alteast at de SKS har tastimming jout. Zwaga folget Epie van der Pol op. Dy hie by syn oantreden al sein mar trije jier te bliuwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)