Mooglik wer gruttere merk Sonac

11 nov 2005 - 11:17

Sonac Sumar krijt in grutte ôfsetmerk werom at bonkemoal wer tastien wurdt as yngrediïnt foar bistefretten. Ut in enkête fan it ministearje fan LNV docht bliken dat minsken út it hiele lân in fersoepeling besprekber fine.

Dat is goed nijs foar Sonac. Hjir wurdt it bonkemoal makke. Sûnt it ferbod yn 2000 moat de fabryk oare oplossings betinke foar it restprodukt. At it diermoal ek wer yn bistefretten mei, kin Sonac der mear oan fertsjinje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)