Strawelte werom op Fryske podia

11 nov 2005 - 09:35

De romrofte Fryske punkband Strawelte sil wer optrede. De band wie aktyf fan 1987 oant 1990. Se spilen doe trije kear wyks foar útferkochte sealen. Gitarist Paul Alma is it iennichste oerbleaune orizjinele lid.

Mei twa nije leden sil er bekende klassikers lykas 'Hagelslach en Sûpenbrij' en 'Moaie Eagen Moai Hier' opnij op de planken bringe. Nei alle gedachten sille de earste konserten yn febrewaris takom jier wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)