'Ien miljard foar Waadseegebied'

10 nov 2005 - 16:19

It Waadseegebied moat foar ien miljard opknapt wurde. Dat jild moat fan it ryk komme, de provinsjes, gemeenten en bedriuwslibben. Dat sei Ultsje Hosper fan it Fryske Gea tongersdei by de presintaasje fan de plannen.

Der sit 800 miljoen euro oan ryksjild yn in saneamd Waadfûns. It ryk wol dat jild ek ferpartsje. De provinsje en de natoerorganisaasjes binne it dêr net mei iens. Neffens harren moat it jild yn de regio ferdield wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)