Basisskoallen moatte fuseare

10 nov 2005 - 13:52

De Menno van Coehoornskoalle en De Oostvaarder yn Ljouwert moatte fuseare. It tal learlingen is tebekrûn. Neffens de wet moat Ljouwert dêrom ien iepenbiere skoalle slute. Yn alle wiken moat lykwols ien skoalle oerbliuwe.

Omdat yn de wyk Ald-East twa skoallen ticht byinoar steane, wurdt dêr ien sletten. It iepenbier ûnderwiis hat in soad learlingen ferlern. In soad binne nei it bysûnder ûnderwiis gien of nei skoallen bûten Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)