Van Mourik iepenet Filmfestival

© Omrop Fryslân
Yn de Harmonie yn Ljouwert is woansdeitejûn de 27ste edysje fan it Noardelik Filmfestival út ein set. It festival duorret fiif dagen. Mei-elkoar binne der oant 130 films te sjen.
Wethâlder Van Mourik sei by de iepening dat it festival ek de kommende jierren lanlik oan de dyk timmerje moat om de Rykssubsydzje feilich te stellen. Foarearst is de finansjele posysje fan it festival goed. De organisaasje ferwachtet 24.000 besikers.