Wach wêze foar selsferminking

10 nov 2005 - 11:16

Selsferminking troch pubers komt ek yn Fryslân foar. Lanlik ûndersyk hat it probleem oankaart, mar ek it Fryske skoalmaatskiplik wurk is dermei bekend. Jongeren beskrasse earms of oare parten fan it liif mei in skerp ding.

Neffens skoalmaatskiplikwurker Baukje Terpstra is it saak sa gau mooglik yn te gripen. Oars kin it him oer de hiele groep ferspriede. Yn 'e regel binne skoallen en de soarch goed taret op de oanpak fan it probleem, seit Terpstra.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)