Dekemastate makket kâns op priis
Frijwilligers fan Dekemastate yn Jelsum binne nominearre foar de twajierlikse priis fan de Kastielfrijwilligersgroep. De priis is ynsteld troch de Nederlânske Kastelenstichting. Fan de tolve oanmeldings binne trije nominearre.
De tachtich Dekemafrijwilligers ûnderhâlde de tún en liede besikers rûn. De priis bestiet út in bedrach fan 2500 euro. Freed wurdt yn Paleis Het Loo yn Apeldoorn de winner bekendmakke.
Trefwurden:
argyf