Ysbrechtum krijt steger

© Omrop Fryslân
In nije steger is as bêste idee út de bus kommen by de ferkiezing fan Bêste Doarpsidee yn Ysbrechtum. De gemeente Snits frege de doarpsbewenners mei ideeën te kommen. De nije steger moat yn de opfeart komme. Der is in bedrach fan 10-tûzen euro beskikber steld.
Ek de wiken Stedsfinne en Dúnterpen yn Snits kinne foar datselde bedrach in idee útfiere litte. De plannen dêrfoar moatte noch yntsjinne wurde.