Caparis slút metaalôfdieling

© Omrop Fryslân
De ôfdieling metaalbewurking fan de sosjale wurkfoarsjenning Caparis yn Drachten wurdt sletten. Fierder wurdt de metaalbewurking yn Ljouwert ynkrompen. Dat hawwe de yn santich meiwurkers woansdei fan de direksje te hearren krigen.
Neffens de direksje kin it bedriuw de konkurrinsje mei de legeleanelannen net mear oan. Boppedat streame der mear minsken yn dy't minder geskikt binne foar metaalbewurking.