Nijbou gemeentehûs Boarnsterhim

© Omrop Fryslân
It gemeentehûs fan Boarnsterhim wurdt foar fjouwer miljoen euro opknapt. Dat hat de gemeenteried tiisdei besletten. Der wurdt in nij stik oanboad. De needgebouwen dy't der no binne, komme dêrmei te ferfallen.
Yn de nijbou komt ûnder oare in nije riedsseal en mear kantoarromte. Ek stiet der in nije argyfromte pland. De ûndernimmingsried is bliid mei it plan, omdat de wurkomstannichheden foar it personeel in stik better wurde.