Fryslân gast 5 maaie fiering

© Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân is takom jier op 5 maaie gastprovinsje foar de start fan de nasjonale fiering fan de befrijing. Dy start is tradisjoneel moarns mei in ynhâldlik program. Dat sil yn 2006 yn Ljouwert plakfine.
De moarnsbyienkomst foarmet in brêge tusken de betinking fan 4 maaie en de festiviteiten op 5 maaie. It feit dat Fryslân gastprovinsje is, betsjut ek dat de start fan it Befrijingsfestival yn Ljouwert wêze sil.