ANBO yn aksje tsjin taskerôverij

10 nov 2005 - 07:53

Aldereinbûn ANBO yn Ljouwert wol yn aksje komme tsjin de taskerôverij yn de stêd. De ôfrûne oardel wike is yn Ljouwert fan trettjin, faak âldere froulju de tas stellen.

Neffens foarsitter Van Olffen fan de ANBO Ljouwert fiele in protte âlderen har net mear feilich yn de stêd. Boppedat doare in protte slachtoffers gjin oanjefte te dwaan bij de plysje. Van Olffen wol alle gefallen fan strjitrôf yn in swartboek fêstlizze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)