Jild stellen by brân Febo

© Omrop Fryslân
By de brân fan de Febo op 24 oktober yn Ljouwert is in pear tûzen euro stellen. Earst is it jild meinommen en dêrnei is de snackbar nei alle gedachten yn de brân stutsen. De plysje hat dat woansdei bekendmakke.
De fersekeringsmaatskippij fan de Febo hat in hege beleanning beskikber steld foar de gouden tip oer de brânstifting. De brân fan McDonalds yn Goutum is ek noch net oplost. Oan beide brannen wurkje tsien resjersjeurs.