Administraasje koweras ferlern

10 nov 2005 - 07:39
Foto: Omrop Fryslân

De folsleine administraasje fan it koweras 'Blonde d'Aquitaine' is tiisdei ferlern gien by in brân yn in wenbuorkerij yn Koartwâld. Bewenner Scheepsma koe allinne de hurde skiif fan de kompjûter noch rêde, mar de rest fan it jierrenlang opboude argyf gie ferlern.

Yn Fryslân binne 25 minsken oansletten by de koweferiening, lanlik in pear hûndert. Yn Fryslân binne sa'n tûzen 'blonde d'Aquitaine'-kij.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)