Merkûndersyk Frysk Museum

10 nov 2005 - 07:32

Der moat in yngreven merkûndersyk komme nei it nije Frysk Museum. Dêrút moat dúdlik wurde wat de Fryske befolking ferwachtet fan it museum. Op basis fan de útkomsten fan dat ûndersyk moat sjoen wurde nei de ynfolling fan it Frysk Museum.

Dat foarstel dogge de steatefraksjes fan it CDA en de VVD. In merkûndersyk is foar beide partijen in betingst om akkoart te gean mei subsydzje foar de nijbouplannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)