Skjin Aldlân kostet 2,7 miljoen

09 nov 2005 - 16:18

De gemeente Ljouwert hat de plannen klear foar it skjinmeitsjen fan fersmoarge grûn en grûnwetter yn de wyk Aldlân. It moat 2,7 miljoen euro kostje en it duorret tweintich jier foardat alles skjin is. Alve tunen en in stik park moatte ôfgroeven wurde.

De dupearren meie op kosten fan de gemeente in túnman ynhiere om in nije tún oanlizze te litten. It wurk begjint yn de maaitiid fan it kommende jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)