Taskerôver Ljouwert mooglik pakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat mooglik de taskerôver yn Ljouwert oppakt. De man hat yn twa wike tiid 13 kear froulju oerfallen en fan harren taskes bestellen. De ynsidinten wiene allegear oan de noardeastkant fan de Ljouwerter binnenstêd.
Moandei wie de safolste taskerôf. Op de Rengersleane waard in frou fan 20 jier bestellen. De dieder fytste de frou foarby en pakte har tas út in fytskuorke. De fertochte hat noch net bekend.