Hallum krijt 30 soarchwenten

08 nov 2005 - 14:20

Yn it sintrum fan Hallum komme 30 soarchwenten op it plak dêr't no noch it âlde fabryk stiet fan bakker Hellema. It stik grûn stiet bekind as 'it Hof fan Hallum'. De bakker is dêr 140 jier lyn begûn, mar sit no op in yndustry-terrein by it doarp.

De gemeente Ferwerderadiel, wenningstifting Wonen Noord West Friesland en Interzorg Ferwert ha jierren dwaande west wat nijs te betinken foar de lokaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)