PvdA hat muoite mei rioelheffing

© Omrop Fryslân
De Partij van de Arbeid yn Tytsjerksteradiel giet der mei tsjinsin mei akkoart dat ynwenners tenei rioelrjochten betelje moatte. De PvdA tinkt dat it ynfieren fan de nije belesting needsaaklik is. Omdat de ûnrepliksaak belesting foar in part ôfskaft wurdt troch it Ryk.
De PvdA hat der gjin goed wurd foar oer dat it regear him troch de ôfskaffing fan de OZB foar in part mei it hûshâldboekje fan de gemeenten bemuoit.